Fiskje helje yn Starum
Snein alwer in tochtsje, jûns fanwege de hitte oerdeis. Ditkear foar it earst mei Jetse en Tryn. Wêr’t ús foarsitter úthinget, en syn frou, is ús in riedsel. Wy ha sy noch net sjoen. Sil it ark wol wer net ynoarder ha, tinke wy: it hok grôtfol rommel, ûnderdielen kwyt.
Afijn: om dik fiif oere setten wy ôf. Benny doart nu wol as lêste te riden: hy ferlear Himmelfeartsdei syn kentekenplaat en de nije hat hy mei in soarte fan keilbouten fêstset, mourrefêst. As hy no wer wat kwytrekket, dan syn motor, net syn plaat. Piet sweert en swetst wol altiid oer de froulje dy’t hy mei ha wol, mar hy toert altiid allinnich, no ek wer. Sûnder sissybar (troch Piet altiid “sittybar” neame) is it ek net fertrouwd, by him êfterop, want hy docht oars net as gas jaan-remje-gas jaan-remje.
Nei in moaie slingerroute kamen wy dan by de slûs op Starum foar in hapke iten. Sjoerd woe in bakt aaike, mar dat is in middeisgerjocht en dogge sy jûns net, sadat Sjoerd nei de fiskkarre ferhúze.
Lâns de sédyk oer de Lemmer werom, en in ijsko yn Dolsterhúzen, dat wie in moai ein fan alwer in noflik motorútsje. [Siebrand]